Foar in unike searje oer it libben fan de Fryske frijheidsstrider Grutte Pier binne Omrop

Fryslân en Steven de Jong Films op syk nei in bear fan in keardel mei aktearûnderfining.

Bisto Grutte Pier?

Do:

  • Bist fysyk sterk en gespierd
  • Bist minimaal 1.90 meter lang
  • Bist tusken de 30 en 45 jier
  • Hast (romme) ûnderfining mei aktearjen
  • Bist tusken 2018 en 2025 teminsten 2 wiken yn it jier beskikber (yn oerlis)
  • Hast kennis fan de Ingelske en/of de Fryske taal (dit is in pré)
  • Hoechst net perfoarst in burd of lang hier te hawwen, dêrfoar is de grimeur.

Doch de castingscene en jou dy dan op!

Foldochst net oan de easken foar de rol fan Grutte Pier, mar wolst dy wol opjaan in oare rol? Ek dan kinst dy oanmelde.

Wa wie Grutte Pier?

Pier Gerlofs Donia, oftewol Grutte Pier, wie miskien wol de meast legindaryske Fries. Hy libbe tusken 1480 en 1520 en wie in simpele boer yn Kimswert. Yn dy tiid spile der in grutte boargeroarloch en Pier syn frou en bern waarden fermoarde. Troch dit barren gie Grutte Pier mei syn swurd de striid oan mei de besetter. 500 jier letter stiet Grutte Pier noch hieltyd bekend as dé Fryske frijheidsstrider. Yn Kimswerd stiet in stânbyld fan him.

Regisseur Steven de Jong, bekend fan de films “De schippers van de Kameleon”,  “De scheepsjonges van Bontekoe” en “De hel van ‘63” makket yn gearwurking mei Omrop Fryslân in searje oer Grutte Pier. Yn de acht episoades, ferspraat oer acht jier, sjogge wy wêrom’t Grutte Pier, Grutte Pier wurden is.

Mear witte oer de searje? Sjoch it ynterview mei Steven de Jong.

Mear witte oer Grutte Pier? Besjoch de animaasje hjirûnder:

Parse

Parse kin foar mear ynformaasje kontakt opnimme mei Omrop Fryslân fia gruttepier@omropfryslan.nl. Byldmateriaal is hjirûnder yn hege kwaliteit te downloaden en te brûken ûnder betingst dat de júste boarnefermelding derby stiet.

Foto Steven troch: Marte Visser 

Foto troch: Omrop Fryslân/Joris Kalma